Logo FNP

FNP Dongeradiel

Frysk | Nederlands

FNP Dongeradiel

Frysk | Nederlands

AKTYF MEIDWAAN? WURD LID!

 

Wêr kinne jo as FNP-lid op rekkenje?
As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken nei foaren bringe op de ledegearkomsten (provinsjaal en gemeentlik). Dizze ledegearkomsten binne it heechste beslútfoarmjende orgaan yn de partij. Yn dy gearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld wêryn de politike útgongspunten en doelen fêstlein wurde. Yn de provinsjale ledegearkomsten wurde de leden fan it haadbestjoer keazen en ek de kandidaat-steateleden oanwiisd. Troch jo stim op ledegearkomsten hearre te litten hawwe jo dus streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP!

As lid krije jo 6 kear jiers it partijblêd ‘Frijbûtser' tastjoerd.

Wat kostet it lidmaatskip?
Ien kear jiers krije jo in akseptgiro fan de ponghâlder mei it fersyk de kontribúsje te beteljen. De gemeentlike FNP-ôfdielings krije 20% fan jo bydrage. Mei ferkiezings krije jo ornaris nochris in fersyk om in frijwillige bydrage foar it ferkiezingsfûns.

De minimum kontribúsje is € 22,50 yn 't jier. Foar húsgenoaten (it 2e lid yn ien gesin) en leden jonger as 27 jier jildt in minimumbydrage fan € 12,50 yn 't jier. De kontribúsje wurdt jierliks op basis fan de ynflaasje oanpast. Minsken dy't dy bydrage net misse kinne, kinne fan de ponghâlder tastimming krije om minder te beteljen. Kontribúsje en oare jeften oan de FNP, kinne jo ôflûke fan jo belêstbere ynkommen.

De FNP giet hoeden om mei jo persoansgegevens en jout se net troch oan tredden.

** Wurd Lid ** (Jo wurde trochskeakele nei de provinsjale hiemside).



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)