Logo FNP

FNP Dongeradiel

Frysk | Nederlands

FNP Dongeradiel

Frysk | Nederlands

FNP stipet Ternaard oer tiidstip byienkomst oer gaswinning

Ternaard is lilk oer de dei en it tiidstip fan in byienkomst oer de gaswinning.
De FNP stipet it doarp en skriuwt de organisator oan.

Dokkum, Ternaard ,  24 maart  2018

 

 

Achte Gemeynt organisaasje,

 

As FNP bin wy tsjin gaswinning .  No hat Ekonomyske Saken mei tal fan organisaasjes in pilot opstarten om nut en needsaak fan wol of net gasboarring te hifkjen yn de regio Ternaard.

No tongersdei temiddei is der in byienkomst yn Ternaard . Troch in byienkomst op wite Tongersdei te plannen toane jim net folle respekt foar de gefoelens fan in grut part fan de ynwenners fan ús gea. 

 

Dat tiidstip fan de byienkomst - de middeis -  jout ek argewaasje. No is it fansels dreech om foar elkenien in geskikte datum en tiidstip te plannen  mar jim argumintaasje om it net te feroarjen roait kant noch wâl. Koartsein is der fier by troch.

Jim ferskûlje jim efter organisaasjes dy't fan fierren komme moatte en om dy te geriven.

Dat kin net wier wêze !  Wat is wichtiger de organisaasje of de minsken yn de streek ?

Wy fersykje jim dan ek mei klam de ynwenners fan Ternaard en de regio Noardeast- Fryslân maksimaal de kâns te jaan om harren ynformearje litte te kinnen.

Foar ús bin de belangen fan ús ynwenners grutter as de belangen fan de organisaasjes. In jûnsbyienkomst is dôchs sa te regeljen.

Wy rekkenje op jim meiwurking.

  

 

yn ôfskrift oan kolleezje  fan B & W

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)