Logo FNP

FNP Dongeradiel

Frysk | Nederlands

FNP Dongeradiel

Frysk | Nederlands

Ferkiezingsprogramma 2014 - 2017    "midden yn de mienskip "

 

Dongeradiel is in unyk stikje Nederlân dêr't wy grutsk op binne. De FNP wol dat wy yn Dongeradiel yn it foarste plak ús eigen saken regelje. Gearwurkje mei oare oerheden kin allinnich wannear't it better foar de boargers is. De FNP wol der wêze foar alle ynwenners fan de gemeente wat har komôf ek wêze mei, omdat de partij útgiet fan de lykweardigens fan alle minsken. De partij hechtet wearde oan in mienskip dêr't elts safolle mooglik himsels wêze kin mei each foar de eftergrûn fan oaren.

 

De FNP hantearret dêrby 7 kearnwearden:

Demokrasy: De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.

Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.

Ynternasjonalisme: De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.

Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.

Undernimmerssin: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.

Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.

Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.

_______________________________________________________________________

Ynwenners in stim jaan

1. DE GEMEENTE MOAT DE YNWENNERS IN STIM JAAN

It betrouwen yn de gemeente falt en stiet by in leauwensweardich bestjoer en in rjochtfeardich belied. Dêrom moat it belied goed útlein wurde en bliuwt de ynfloed fan ynwenners fan grut belang. It aktyf meidwaan oan beliedsfoarming moat stimulearre wurde en sanedich moat de ynwenner ek in stim hawwe yn de beslútfoarming.

De FNP wol dat de minsken direkte ynfloed hawwe op de beslútfoarming fan harren oerheid.

Wy binne fan betinken dat bestjoerders sa as boargemasters keazen wurde moatte en net beneamd. As gemeente meitsje wy diel út fan in bestjoerlike ienheid. Wy sjogge graach in bettere taakferdieling tusken bestjoerslagen mei as útgangspunt "wat lokaal kin, moat lokaal dien wurde". Net dat we de fersoargingssteat hielendal ôfskaffe wolle mar it sit wol wat yn't paad. It hellet de autonomy en it inisjatyf by de minsken weihelle. De soarch, sosjale sekerheid en it ûnderwiis binne altyd hiel fearkrêftich west mar se lije no ûnder in enoarm tal regels en burokrasy om te kontrolearjen oft dit soarte fan maatskiplike organisaasjes it wol goed dogge. As de mooglikheden ta boargerinisjativen feromme wurde dan binne wy mear yn staat dizze mienskip te ferbetterjen. It slút better oan by wat de boargers sels wolle mei minder regels en minder ôfhinklikens fan de oerheid. It laat ta in grutter ferskaat yn b.g. it ûnderwiis; skoallen op basis fan maatskiplike opfettings, identiteit, leauwensoertsjûging of wat dan ek. Wy binne fan miening dat men net ferwachtsje kin dat de mienskip it fan a oantemei z foar de boarger regelt. Fansels sil der foar de meast kwetsberens altyd in fangnet bliuwe.

SPEARPUNTEN:

a. De gemeente moat op alle prestaasjefjilden fan www.waarstaatjegemeente.nl boppegemiddeld presteare

b. Kommunikaasjeproses moat by de start fan in projekt of proses dúdlik wêze

c. By wichtige yngripende saken sil der altyd mei de befolking fia in goed kommunikaasjeproses kommunisearre wurde moatte

d. Minder lokale / regionale regels en foarskriften

e. Mear mooglikheden foar inisjativen út de mienskip lykas Dokkum Tulpestêd, MFA's, Holwert oan See ensfh.

  

  

_____________________________________________________________________

takomst

2. TAKOMST

De ried hat de yntinsje útsprutsen om op termyn te fusearjen mei de gemeenten Kollumerlân,Dantumadiel en Ferwerderadiel.De FNP is fan betinken dat by in fúzje it fersoargingsgebiet fan regiostêd Dokkum sintraal stiet. Der sille gjin grutte finansjele offers by de boargers frege wurde meie. Yn it trajekt om te kommen ta de fúzje sille der gjin nije gearwurkingsferbannen ôfsletten wurde sûnder de fúzjestip op de horizon. Oparbeidzjen mei de oare gemeenten moat as doel hawwe om de fúzje sa linich mooglik ferrinne te litten. In fúzje sil earst jild kostje mar op termyn grutte foardielen biede. De boarger moat der yn alle gefallen better fan wurde. Foar in fúzje hawwe jo reewillige partners nedich, salang't de beeage partners noch gjin dúdlike stip op de horizon sette wolle sille der ek gjin ûnkontrolearbere en ûndemokratyske mienskiplike regelingen mear ynrjochte wurde meie.

SPEARPUNTEN:

a. fúzje mei de gemeenten Kollumerlân Dantumadiel enFerwerderadiel  yn 2017

b. gjin grutte finansjele offers dellizze by de befolking

c. fúzje moat bestjoerskrêft en fersoargingsgebiet regiostêd Dokkum fersterkje

d. gjin nije mienskipliker regelingen oangean mei de buorgemeenten

______________________________________________________________________
ekonomy

3. EKONOMY

AKSJE FOAR BEHALD WURK YN DE REGIO Der moat mei krêft wurke wurde oan it behâld fan besteande bedriuwen en banen. De ûndernimmers moatte stipe wurde en de romte krije om dêrmei it wurk te behâlden. By ferlet oan romte foar útwreiding of festiging fan nije bedriuwen sil der earst sjoen wurde moatte nei besteande bedriuweterreinen. Der sil in werstrukturearringsplan opsteld wurde moatte foar frijkommende bedriuweterreinen en  leechsteande gebouwen. Der moat omtinken jûn wurde oan de foarried fan bedriuweterreinen en de wurkgelegenheidseffekten dy't dat mei him meibringe kin. Yn gearwurking mei bedriuwen en branche-organisaasjes moat aktyf socht wurde nei de kânsen foar it behâld fan de banen en it kreëarjen fan nije banen, net allinnich yn de hurde sektor mar ek yn de soarch. Der moat in goede ôfstimming komme tusken ûnderwiis, ûndernimmers en de publike sektor om de talinten fan de jongerein noch better te ûntwikkeljen. Heechweardige wurkgelegenheid kin der foar soargje dat ús jongerein hjir wenjen bliuwe kin. Frijkommende pleatsen soenen geskikt wêze foar sokke bedriuwen mar dan moat de digitale ynfrastruktuer op oarder wêze.  Ynvestearje yn de nije ekonomy is net mear ynvestearje yn wegen en nije bedriuweterreinen, Startende ûndernimmers, lykas ZZPers hawwe mear oan it opknappen fan in goed en feilich leechsteand fabryks- of skoallegebou mei nije moetingsplakken dêr't men him ûntjaan kin.

Binnenstêd, om de ekonomy yn de binnenstêd te fersterkjen sil it fergees parkearjen op de râneparkearplakken struktureel bliuwe moatte. It kearnwinkelgebiet sil fersterke wurde moatte en beheind ta it echte winkelgebiet. Foar de toeristen is it wichtich dat de binnenstêd fasiliteiten biedt om harren fêst te hâlden. Dokkum Waterfront sil mei faasje útfierd wurde moatte. Der sil romte jûn wurde moatte oan de sneinsiepening. Wa't dat wol moat ek sneins, nei 13.00 oere syn winkel iepen dwaan kinne.

SPEARPUNTEN:

a. stipe foar ûndernimmers

b. werstruktuerrearring fan besteande bedriuweterreinen (lykas de Prinslokaasje)

c. digitaal glêsfeselsneldyk oanlizze ek yn de bûtengebieten

d. briedplakken foar nije bedriuwichheid

e. stimulearje ôfstimming ûnderwiis-ûndernimmers troch sels it goede foarbyld te jaan (Gouden Driehoek)

f. bedriuweterrein ynrjochtsje as enerzjyterrein, troch it oanlizzen fan in sinnepark

g. fergees parkearje op de râneparkearplakken

h. stjoering op fersterking kearnwinkelgebiet Dokkum

i.  sneinsiepening op frijwillige basis

______________________________________________________________________
frijetiidsekonomy

4. FRIJETIIDSEKONOMY Toerisme en rekreaasje moat in nije ekonomyske pylder wurde. Der leit in ambisjeuze kadernotysje Rekreaasje en Toerisme fan de gemeente en dizze moat mei faasje útfierd wurde. Dat betsjut dat der jild frijmakke wurde moat foar de ferskate programmaûnderdielen.  Dokkum sil as regiostêd ek op toeristysk mêd ûntwikkele wurde moatte.  It Wetterfront Dokkum/Súd Ie projekt sil mei faasje útfierd wurde moatte. Nije inisjativen ( lykas Holwert oan see) fan boargers en/of ûndernimmers passend yn it rekreaasjebelied sille stimulearre wurde. De ferbining fan it Dokkumer Lokaaltsje moat wer te belibjen wêze. Regiomarketing, it bekend meitsjen fan de eigen stêd en regio, is dêrby ûnmisber. Yn de marketingoanpak moat it gefoel foar kultuer, taal, streekprodukten en regio foar de besiker fan dit gebiet in plak krije. Noardeast -Fryslân moat dit konsept fierder ûntwikkelje en dat kin as foarbyld tsjinje foar de hiele provinsje.   Ek op snein sil der hieltyd faker aktiviteiten organisearre wurde, regels meie dat net yn de wei stean.

SPEARPUNTEN:

a. jild frijmeitsje foar útfieringsprogramma Rekreaasje en Toerisme

b. ferbining Dokkumer Lokaaltsje werom bringe 

c  toeristyske promoasje fan ús gemeente yn 'e mande mei de omlizzende gemeenten en provinsje

d. útfiering Wetterfront Dokkum/Súd Ie mei faasje oanpakke

e. Hurddraverspark ûntwikkelje as nij toeristysk ferbliuwgebiet

f. Holwert oan See fierder ûntwikkelje

g. fytspaad bûtendyks realisearje

______________________________________________________________________
Krimp Gerrit Breteler

5. KULTUER

Kultuer is in breed begryp. Keunst, kultureel erfguod en media fertsjintwurdigje ús immateriële rykdom. Keunst prikkelet de ferbylding en skept in ûnbekend takomstperspektyf dy't minsken ynspirearje kin. It erfguod lit sjen wat ús fuotstappen efterlitten hawwe en slipet ús blik op de takomst en media biede ynformaasje om ús miening te ûnderbouwen. Kultuer makket ûnderdiel út fan de mienskip en draacht by oan de ûntwikkeling. Seker yn Fryslân, mei har taal en tradysjes. Kulturele uterings drage by oan it ferlet om as minske betsjutting oan it libben te jaan en immen efkes út it hjoeddeistige te tillen.

Yn in ekonomyske kontekst wêryn't it ferlet oan kennis en kreativiteit allinne mar grutter wurdt, leveret in bloeiende keunst- en kultuersektor in ûnmjitlike bydrage oan de takomstige wolfeart en wolwêzen. It oanjeien fan kulturele ynteresse en aktiviteiten is út dy gedachte wei in maatskiplike needsaak. SPEARPUNTEN:

a. de kulturele ynfrastruktuer moat behâlden bliuwe

b. der moat in nije kultuernota komme mei dêryn omtinken foar:

                kultuerfûns foar bysûndere projekten en aktiviteiten

                • ús kultureel erfguod op it mêd fan tsjerken en besinning

                • mear kultueroanbod foar bern en jongerein mei omtinken foar it Frysk

                • stipe foar produksjes dy't troch eigen befolking útfierd wurde

c. de kommende jierren sil der ek ynset wurde moatte op Kulturele Haadstêd 2018, alle kulturele en maatskiplike plannen sille tasnien wurde moatte op KH2018

  

______________________________________________________________________
lânbou en fiskerij

6. LÂNBOU EN FISKERIJ

Skaalfergrutting fan agraryske bedriuwen is wichtich mar net de ienichste oplossing foar in bettere konkurrinsje- posysje. It is in bewuste ûndernimmers-kar dy 't respektearre en troch de gemeente sa goed mooglik begelaat wurde moat. Lykwols is der in better en duorsum ynkommen te heljen út in earlike priisferhâlding yn de keten tusken boer en winkel. De gemeente kin planologyske romte jaan om lokaal produsearre produkten oan hûs te ferkeapjen.

Grutskalige bedriuwen hearre thús yn grutskalige lânskippen. Derom binne yn Dongeradiel benammen feehâlderijen fan 1,5 oant 2 hektare noch goed ynpasber. Foar gruttere bedriuwen is maatwurk needsaaklik en moat per gefal besjoen wurde wat de mooglikheden binne. It útfieren fan in lânskiplik ynrjochtingsplan is yn dy gefallen in betingst. Dêrnjonken is it wichtich dat fierdergeande ferstienning fan it bûtengebiet safolle mooglik beheind wurdt. De gemeente moat har dêrom sterk meitsje foar in provinsjale sloop-stimulearringsregeling benammen om âlde stâlen,silo's en loadsen ôf te brekken. Dongfergisters kinne in goede bydrage leverje oan alternative enerzjy mar de ynfrastruktuer is faak net berekkene op dizze aktiviteit.Dêrom sil by in ôfwaging foar in oanfraach ek de ynfrastruktuer meinaam wurde moatte en sil der mooglik ek ynvestearrings fan de ûndernimmer frege wurde . Nije yntinsive feehâlderij past net yn Dongeradiel en sil dêrom net tastien wurde. Allinnich wannear't it om grûnbûne aktiviteiten giet. It noed stean foar grûn, wetter, lucht en leefberens moat it útgongspunt wêze yn alle fergunningsprosedueres. Dy prosedueres moatte betrouber en dúdlik wêze. Biologyske lânbou kriget hieltyd mear de fuotten ûnder it gat en Dongeradiel is klimatologysk poergeskikt foar festiging fan biologyske lânbou. Dêrom sil der ek hoeden omgien wurde mei it tastean fan genetysk manipulearre gewaaksen. De haven fan Lauwerseach bliuwt wichtich foar de wurkgelegenheid fan in soad Dongeradielsters. It oandielhâldersskip foar de EHL sil op  'e nij besjoen wurde moatte. Neffens de FNP is in oandielhâldersskip net in kearntaak fan de gemeente.

SPEARPUNTEN:

a. planologysk mooglik meitsje fan ferkeap fan lokaal produsearre produkten

b. stimulearje lokale produkten mei in kwaliteitslogo (makke yn Dongeradiel)

c. hoeden omgean mei genetysk manipulearre gewaaksen

e. it Nije Pleatsmodel sil foar nije grutskalige fer/nijbou útgongspunt wêze

f. ljochthinder fan b.g. stâlen en reklameuteringen sil beheind wurde moatte

g. oandielhâldersskip Exploitatiemaatschappij Haven Lauwersoog  (EHL) op 'e nij besjen

______________________________________________________________________
duorsemens

7. Duorsumens

Duorsumens liket in etiket te wurden om goede sier mei te meitsjen. Dat is net it tinken fan de FNP. Op it mêd fan duorsumens ha wy de plicht om oars te tinken en te hanneljen. Wy fine dat de gemeente op al har beliedstereinen by nij fêst te stellen kadernotysjes, beliedsprogramma's en útfieringsprogramma's oandacht skinke moat oan duorsumens. Wolle wy duorsum mei it lânskip omgean dan passe grutte eleminten as wynmûneparken dêr net yn. Oare helbere duorsume alternativen moatte stipe en stimulearre wurde. Mar dêrby moat der wol omtinken oan de kwaliteit fan de romte jûn wurde. Net oeral passe wynmûnen, net oeral passe fergistingsynstallaasjes. Helbere alternative enerzjybronnen sille yn in yntegraal enerzjyplan fêstlein wurde moatte. De gemeente moat har aktyf ynsette foar besparrings op it enerzjygebrûk, sawol yn har eigen saken as by bedriuwen en wenningen. It opsetten fan in sinnegreide past dêrom yn it tinken fan de FNP foar in duorsume mienskip.

Om de boargers te stimulearjen mear gebrûk te meitsjen fan sinnepanielen sil pleatsing fan sinnepanielen fergunningsfrij wurde moatte.

De FNPis fan betinken dat Dongeradiel ûnder en boppe de grûn frij bliuwe moat fan fersteuring en fersmoarging. En dat betsjut perfoarst dat der gjin (kearn-)ôffal yn 'e sâltkoepels yn ús kontreien opslein wurdt. De FNP is tsjin CO2-opslach yn ‘e grûn salang ‘t net dúdlik is wat dêr de gefolgen fan binne. Gjin nije gaswinning wannear't der net in goede skearegeling foar de boargers fêstlein is. Oerstallige iepenbiere bûtenferljochting kin tige hinderlik wêze foar minsken en natoer, benammen yn ‘t bûtengebiet. Slim ferlochtsje mei LED kin in bettere oplossing biede. Dat kostet minder en hâldt it tjuster as it tsjuster wêze moat en ferljochtet as it nedich is. De gemeente hat de oerienkomst duorsum ynkeapje fan it ministearje fan VROM ûndertekene en sil yn 2015 al har guod en tsjinsten duorsum ynkeapje.

SPEARPUNTEN:

a. op alle beliedstereinen in duorsumensparagraaf

b. opstelle fan in enerzjynota mei omtinken foar skjinne alternative enerzjyboarnen.

c. slimme ferljochting ynsette by ferfanging fan iepenbiere ferljochting en opromje fan oerstallige ferljochting sadat ek de kwaliteit fan it tsjuster yn Dongeradiel behâlden bliuwt.

d. gjin nije wynturbines yn it iepen lânskip fan Dongeradiel

e. gjin opslach fan radioaktyf ôffal yn ‘e sâltkoepels

f. salang't de gefolgen net dúdlik binne gjin opslach fan CO2 yn de Dongeradielske grûn.

g. gjin gegriem yn de Dongeradielske grûn troch skaaljegaswinning

h. it brûken fan miljeufreonlike brânstof troch de gemeente hat de foarkar

i. pleatsing sinnepanielen fergunningsfrij ( sinnepark)  

______________________________________________________________________
wetter

8. WETTER Wetter is fan grut belang foar in soad funksjes: lânbou, natuer en rekreaasje, mar ek as oanklaaiïng fan wenjen en wurkjen. Om't de ôffier fan de Fryske Boezem foar in grut part fia Dokkumer Nije Silen ferrint en natuerlike ôfstreaming net altiten kin en ús dus kwetsber makket, is goed wetterbeheear nedich. Njonken de behearsking fan de kwantiteit is ek de kwaliteit fan it wetter wichtich.

In GRP ( Gemeentlik Rioelearrings Plan) sil sober en doelmjittich útfierd wurde. Himelwetter ôfkeppelje is in mooglikheid om oerlêst foar te kommen. Boargers sille stimulearre wurde om harren himelwetter ek fia de ôfkeppeling ôf te streamen.  As besletten wurdt ta it ferheegjen fan seediken yn Wierum en Paesens/Moddergat dan sil dat bûtendyks barre moatte. Yn de reservearringssônes moat wentebou mooglik bliuwe. It histoarysk karakter fan dizze fiskersdoarpen mei net oantaast wurde omdat regeljouwing op it Waad te krampeftich is.  De seedyk moat feilich wêze mar mei ek mear ynset wurde by de belibbing fan it Waad. Holwert oan See is in moai foarbyld fan hoe't feiligens en belibbing tegearre oppakt wurde kinne. Mei it Wetterskip binne ôfspraken makke oer it optimalisearjen fan de iisflier by froast.

SPEARPUNTEN:

a. it belibjen fan iiswille moat yn gearwurking mei Wetterskip garandearre wurde

b. Wierum en Paesens/Moddergat meie net oantaast wurde foar de reservearringsônes fan de seediken

c. útfiering Gemeentlik Rioelearrings Plan sober en doelmjittich útfiere

d. oerlêst fan wetter sil safolle mooglik foarkaam wurde moatte

  

______________________________________________________________________
wenjen

 9. WENJEN

Dongeradiel is in moaie gemeente om yn te wenjen. De gemeente moat dat wenklimaat op oarder hâlde. Dat giet net allinne oer it tal wenningen, mar ek oer de iepenbiere romte, it tal foarsjenningen en wat der yn de omkriten te dwaan is. De yntegrale oanpak tusken dy trije fjilden is fan grut belang.

Dat wurdt noch wichtiger yn in tiid dat krimp foar de doar stiet. Mei krimp yn it foarútsjoch moat der no op it wenoanbod antisipearre wurde. Foar leechsteande hierwenningen of wenningen dy't net ferkocht wurde moat in oplossing fûn wurde lykas oanbiede op de startersmerk. Fertutearzing mei ferkrotting of rotte kiezzen as gefolch is ûnakseptabel. Net elk doarp kin deselde foarsjennings hawwe, der sil sjoen wurde moatte nei de gearhing fan foarsjennings yn doarpen dy't op elkoar oanwiisd binne. Doarpen moatte elkoar fersterkje, net bekonkurrearje. Dêrom sille der heldere keuzes makke wurde moatte.

De kwaliteit fan de iepenbiere romte bepaalt foar in grut part it gefoel fan leefberens yn in doarp of wyk. In oare wize fan wurkjen kin de belutsenheid fan minsken by harren eigen omjouwing fergrutsje. De mienskip bepaalt yn grutte mate de kwaliteit fan de wenomjouwing. Prioriteiten yn ûnderhâldswurk soe yn oerlis mei doarpsbelang of wykried ta stân komme moatte, sadat in doarp of wyk dêr better op ynspylje kin mei winsken dy't yn de wyk libje. De wurkwize fan de gemeente soe dêr op ynrjochte wurde moatte. Yn de doarpen wurdt faak al in protte frijwilligerswurk ferrjochte dy't yn Dokkum net oan de oarder is. Dêr mei wat foaroer stean. Leechkommende pleatsen kinne in nije funksje krije (lykas wenjen, bedriuw, soarch en wolwêzen) ûnder it betingst dat de omlizzende pleatsen as bedriuwen der net ûnder lije. Gemeente moat fia it wenakkoart stean foar behâld fan kwalitative goede hierwenten yn stêd en doarp. Thus Wonen moat yndizze stean foar sosjaal maatskiplik ferantwurde belied en de gemeente moat harren dêrta oantrune.  

SPEARPUNTEN:

a.mear ferantwurdlikheid nei de boargers as it giet om de kwaliteit fan de iepenbiere romte

b. meiïnoar derfoar soargje dat ús wenomjouwing yn de pronk komt te stean

c. nije bedriuwichheid yn frijkommende pleatsen moatte passend wêze en meie net in beheining foar besteande bedriuwen wurde

d. stimulearring startersmerk, en soarchwennings

e. nijeen besteande foarsjennings sille regionaal besjoen wurde moatte

f. behâld fan hierwennings yn stêd en doarp

  

______________________________________________________________________
wolwêzen

10. Wolwêzen Aktyf en folweardich meidwaan oan it sosjaal en maatskiplik libben moat mooglik wêze. De minsken dy't rjocht hawwe op bystân en fergoedingen moatte dêrom aktyf benadere wurde. Dêr foaroer stiet in eigen ferantwurdlikheid nei de totale mienskip ta. De ynset fan frijwilligers yn it sosjaal en kultureel libben is ûnmisber en moat romhertich stipe en stimulearre wurde. Der moatte yn de doarpen en stêd gaadlike foarsjennings lykas doarpshûzen en oare sintra wêze foar it ferieningslibben en mienskipswurk. Alderen en langduerich wurkleazen soene in wichtige rol krije moatte yn it frijwilligerswurk en dêrby frijstelling fan harren sollisitaasjeplicht.

De Wet Maatschappelijke Ondersteuning jout de gemeente in grutte rezjyferantwurdlikheid oangeande it wolwêzen fan de boargers. Der sil ien loket komme moatte sadat de boargers fuortendaliks yn ien kear holpen wurde kinne. Foar soarch en help jildt dat elk op maat tasniene help/soarch krijt en dat de eigen ferantwurdlikens dêrby foarop stiet foar safier tastien troch de wetlike regels.

De gemeente draacht yn ‘e mande mei de sportferienings soarch foar goede en feilige sportfoarsjennings. Dêr wêr't privatisearring liede kin ta in bettere tagonklikheid sil de gemeente romhertich oan meiwurkje. Sporthallen sille multyfunksjoneel brûkt wurde moatte.

SPEARPUNTEN:

a. It romhertige sosjaal belied fan ús gemeente wurdt fuortset mar mear ynset op eigen ferantwurdlikheid

b. de gemeente soarget foar in bliuwende goede foarljochting oer de kritearia foar it takennen fan soarch, bystân, ensfh.

c. de yndikaasjestelling foar soarch en tsjinsten is objektyf, ûnôfhinklik en yntegraal

d. foar alle fragen op it mêd fan de Wmo,AWBZ en Jeugdhulp is der ien loket

e. by de priis-kwaliteitsferhâlding fan de aktiviteiten fan de WMO,AWBZ en Jeugdhulp leit de klam op kwaliteit

f. minsken mei in útkearing moatte nei fermogen as frijwilliger harren ynsette foar it eigen doarp of wyk

g. yn doarpen en de stêd moatte gaadlike moetingssintra komme mei gebrûk fan besteande foarsjennings

  

______________________________________________________________________
folksûnens en soarch

11. FOLKSÛNENS EN SOARCH

De gemeente moat as regisseur mei de medyske- en soarchynstellings oparbeidzje om de folkssûnens en soarch op peil te hâlden. It platfoarm soarch,wenjen en wolwêzen kin dêr in rol by spylje. De sprieding fan húsdokters, apteken en oare medyske tsjinsten moat sadanich wêze, dat se ticht by de minsken bliuwe en normaal sjoen op alle dagen fan de wike foar elkenien berikber binne. Foarljochting is in wichtige gemeentlike taak. De gemeente stimulearret en inisjearret aktiviteiten op it mêd fan foarljochting oangeande sûnens, ferslavings drugs, alkohol en gokken yn gearwurking mei skoallen, organisaasjes en de GGD.

 SPEARPUNTEN:

a. de soarch as wurkjouwer is ûnmisber foar Dongeradiel

b. goede soarch moat foar minsken tichtby en berikber wêze

c. sikehûs de Sionsberg en ferpleechhuzen iepen hâlde

skoalle

______________________________________________________________________

12. Underwiis

Berikber ûnderwiis yn stêd en op it plattelân

De gemeente stiet noed foar de ûnderwiiskwaliteit oangeande "voor- en vroegschoolse educatie"(VVE), de ynset fan efterstânsjilden, diversiteit  yn ûnderwiisfilosofy, ûnderwiishúsfesting en passend ûnderwiis. Troch de krimp sil it oanbod fan skoallen tebek rinne .As der op doarpen skoallen sletten wurde moatte, is gearwurking in oplossing om sprieding en kwaliteit fêst te hâlden. Der moat  mear romte komme foar gearwurkingsskoallen.  De kaai leit dan ek mei  yn regionaal maatwurk om sa de ferskate soarten fan ûnderwiis yn noard-east Fryslân te behâlden.

Skoalle en omjouwing

VVE is fan grut belang om taal- en ûntwikkelings efterstannen foar te kommen.   Efterstân jilden moatte ek brûkt wurde foar ekstra leartiid foar learlingen mei in taalefterstân yn it basisûnderwiis om foar te kommen dat it ferfolchûnderwiis net oanslút op harren mooglikheden. Brede bernesintra binne in goed perspektyf om behâld fan foarsjennings mooglik te meitsjen. Boppedat past it ek goed by de feroaringen yn de mienskip dêr't beide âlders wurkje en de bern mei dei arranzjeminten yn in learrike omjouwing opfong wurde.

Underwiishúsfesting

Goed ûnderwiis freget om goede skoallegebouwen. Underwiishúsfesting sjogge  we breed.  Aktiviteiten sa as ûnderwiis, sport, ferskate foarmen fan (berne)opfang, wolwêzens- en kultuerele foarsjennings, folwoeksenensûnderwiis binne fia húsfesting optimaal op elkoar ôf te stimmen.

De FNP is fan miening dat ûnderwiishúsfesting in ôfspegeling wêze moat fan de wize wêrop wy de mienskip ynrjochtsje en organiseare, en rekkening hâldend mei hjoeddeistige en takomstige ûntwikkelingen. It tradisjonele ûnderwiiskonsept sil hieltyd minder in antwurd wêze op de maatskiplike ûntjouwingen.

Passend ûnderwiis

Gemeenten hawwe in wichtige rol om ûnderwiis en soarch better op elkoar oanslúte te litten. Troch dat  de jeugdsoarch nei de gemeente giet, kinne de soarchstruktueren yn en rûnom de skoalle fersterke wurde. Utgongspunt foar elk bern is: sûn en feilich opgroeie, talinten ûntwikkelje en nei fermogen meidwaan yn de mienskip.

SPEARPUNTEN:

a. Sjen nei kânsen, mooglikheden en oplossings ynstee nei beheiningen

b. Stimulearje fan gearwurking tusken skoallen sawol binnen as bûten ús gemeente en ek oer de grinzen fan libbensskôgings hinne

c. Binnen in regionale oanpak is ek in boppe gemeentelike ynset fan jildmiddels mooglik

d. Regionaal maatwurk dat romte lit foar spesifike ôfwagings en rjocht docht oan de lokale omstannichheden en winsken fan âlders

e. Efterstân jilden ek ynsette yn de boppebou fan it basisûnderwiis as dat nedich is

f.  Stribje nei brede bernesintra mei dei arranzjeminten , rûme iepeningstiden, wêr't ûnderwiis en berne-opfang, neist sport, kultuer, jeugdsoarch en wolwêzen wichtige partners binne

g. Utgongspunt by Voor en Vroegschoolse Educatie-belied is de trochgeande line foar alle bern fan 0-12 jier. Foarskoalse foarsjennings slúte naadleas oan op de basisskoalle

_____________________________________________________________________

jongerein

13. JONGEREIN De jongereind moat harren ûntjaan kinne en dêrom sil der yn de doarpen en wiken romte kreëarre wurde moatte dêr't se  harren útlibje kin. Dat mei lykwols gjin konflikten jaan mei feiligens, jeugdsûnens en iepenbiere oarder. De jongerein moat dêrom wer opnaam wurde yn it eigen doarp of wyk. By dit alles is de FNP fan miening dat it de ferantwurdlikens fan de âlders is dat de jongeren harren oan de regels fan de mienskip hâlde. De jongerein hat rjocht op in eigen plak, in eigen jeugdhonk. Dat plak is in moetingsplak en dat op'e nij foarm en ynhâld krije moat. It is wichtich dat jongeren dat sels ûntwikkelje kinne, mei help fan ynspirearjende minsken. Dan komt de kreativiteit dy't ek de jongeren yn dizze gemeente hawwe de romte dy't it fertsjinnet. Dêrby moatte de bestjoeren fan de legale jongereinhonken in berop dwaan kinne op stipe. Dêrfoar moat struktureel jild beskikber wêze yn de foarm fan in jongereinfûns. By beslútfoarming yn de gemeente dy't jongerein oangean soe foarôf advys frege wurde moatte oan it jeugdparlemint.

SPEARPUNTEN:

a. ynstelle fan in jongereinfûns

b. jongerein in stim jaan by beslútfoarming dy't jongeren oangiet

  

______________________________________________________________________
us taal

14. US TAAL:

MEAR ynset FOAR IT STIMULEARJEN FAN IT FRYSK It brûken fan eltse taal is in grûnrjocht en fêstlein yn it Europeesk Hânfêst en ek fêstlein yn de Taalwet. Dongeradiel is in twatalige gemeente, beide talen besteane lykweardich njonken elkoar. De gemeente kin dy twatalichheid stimulearje troch in aktyf taalbelied yn eigen organisaasje te fieren. Goed foarbyld docht goed folgjen. De gemeente komt dêrom mei in aksjeplan op al har beliedsterreinen. By subsydzjeferstrekking moat de gemeente altyd omtinken freegje foar de twataligens fan de gemeente. Lykberjochting fan taal stiet foarop.

Pjutteboartersplakken moatte twatalich belied fiere sadat de bern op in linige en boartlike wize stimulearre wurde yn harren talichheid. Pjutteboartersplakliedsters sille dêr ek goed op tarist wêze moatte. Twataligens as kwaliteitseask. Dizze line moat trochset wurde op de basisskoallen. De gemeente moat ynsette op trijtalige basisskoallen. Bern hawwe rjocht op goed taalûnderwiis, trijtalige skoallen drage by ta in meartalige kultuer en is foar de bern in grut stimulâns. De mediateken sille dêrom ek in substansjeel part boeken yn de Fryske taal befetsje moatte.

 SPEARPUNTEN:

a. de gemeente set troch mei twatalige promoasje uteringen.

b. de gemeente nimt twataligens op yn de subsydzje-easken nei tredden ta.

c. yn 2017 is de helt fan alle basisskoallen trijetalich en alle pjutteboartersplakken twatalich

d. mediateken moatte tarist wêze op it meartaligens belied   

______________________________________________________________________
finansjen

15. FINANSJEN/BESTJOER

De FNP wol in ferstannich en sûn finansjeel belied. De OZB kin allinnich mar ferhege wurde as wannear't de needsaak oantoant wurdt en de boarger it wer werom sjocht. Foar grutte projekten sil altyd in kosten baten analize makke wurde makke. Ynhier fan tredden sil safolle mooglik beheind wurde moatte. de desintralisaasjes sille ek ynfloed hawwe op de gemeentlike begrutting, foar de FNP is it saak dat der net mear útgean kin dan dat der yngiet en dêrom sille de desintralisaasje útfierd wurde moatte foar it beskikbere jild dat ús troch RYK taskood wurdt. Oandielhâldersskippen lykas EHL en Kabelnoord binne neffens betinken fan de FNP gjin kearnaktiveit en sille dêrom ter diskusje stean.

SPEARPUNTEN:

a. de gemeentlike útjeften en ynkomsten moatte ynsichtlik en kontrolearber wêze.

b. de gemeente moat hiel hoeden en kritysk omgean mei it ynhieren fan eksterne saakkundigens

c. de wenlesten moatte lykweardich ferdield wurde, de gemeentlike lesten meie net boppe it Frysk gemiddelde útstige.

d. desintralisaasje wurdt bekostige troch de ryksbydrage.

e. oandielhâldersskippen gjin kearnaktiviteit gemeente.




Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)